Vallenduuk wol Bolt frijlitte

Bolt: frij man, mar noch altyd fêst
As de Frânske advokaat fan frachtweinsjauffeur Klaas_Jan_Bolt de rjochter net freegje wol him frij te litten, dan docht syn Nederlânske advokaat dat wol. Dat seit dy advokaat, Han_Vallenduuk.
De Harnzer sjauffeur is feroardiele foar drugssmokkel, mar kin frijkomme om´t er it grutste part fan syn straf útsitten hat. Syn Frânske advokaat soe dan in fersyk om frijlitting yntsjinje moatte. Hy docht dat net, want hy wol earst betelle wurde foar syn wurk.