Tefreden oer WMO-help

© Omrop Fryslân
Kliïnten yn Tytsjerksteradiel binne tefreden oer de help dy´t se krije yn it ramt fan ´e WMO. Dat docht bliken út ûndersyk fan de gemeente. Foar it yn behanneling nimmen fan helpfragen krijt de gemeente in 7,8 en foar it regeljen fan húshâldlike help in 8,2.
Ien op de tsien is net tefreden oer ferfanging fan de húshâldlike help as de eigen help siik is of frij. Hast alle kliinten yn Tytsjerksteradiel fine dat de help fan ´e Wet Maatskiplike Understeuning neffens ferwachting is.