Jonge (10) oanriden yn Reduzum

08 jul 2008 - 10:55
Foto: Omrop Fryslân

In jonkje fan tsien jier is moandei yn Reduzum oanriden en ferwûne rekke. De jonge stuts de Oerisselsestrjitwei oer, mar seach net dat der in auto oankaam. De 49-jierrige bestjoerster fan 'e auto - ek út Reduzum - koe him net mear ûntwike.

De jonge is mei ferwûnings oan 'e foet nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)