SP Ljouwert: bus fergees

08 jul 2008 - 10:43

De gemeente Ljouwert moat him mear ynspanne foar in proef mei fergees iepenbier ferfier. Dat fynt de SP yn de gemeenteried. Yn novimber besleat de ried dat der sa'n eksperiment komme moat. De wethâlder sei doe ta dat it kolleezje in plan meitsje soe, mooglik dit jier. Oant no ta is der neat bard. De SP wol witte hoe't dat kin.

De partij trúnt der by boargemaster en wethâlders op oan om foarstellen foar in proef yn te tsjinjen by it ministearje fan Ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)