Plysje hâldt dronken rider oan

08 jul 2008 - 10:13

In man út Koatstertille is moandei syn rydbewiis kwytrekke, omdat er mei tefolle drank op achter it stjoer siet. De plysje seach de man yn Eastermar. Hy foel op omdat er bot slingere mei de auto. Ek helle de man yn sûnder rjochting oan te jaan en hong er heal ta it rút út.

De plysje hat de man meinaam nei it plysjeburo. Hy moast er syn rydbewiis dêr achterlitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)