Alvestêdebrêge:wer 200 tegels

08 jul 2008 - 08:54

De foarearst lêste 200 tegels binne tiisdei pleats oan de binnenkant fan de Alvestêdebrêge by Gytsjerk. Der binne sûnt de iepening yn 2001 sa´n 7500 tegels op 'e muorre plakt.

Allinnich oan de súdkant is noch romte foar 3000 tegels. Om dat yn ien kear fol te krijen, is in nije Alvestêdetocht nedich. Op 'e tegels stean portretten fan minsken dy´t de tocht riden ha. Al mei al stean, as alles fol is, mear as 10.000 portretten op ´e brêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)