Toeristysk Alvestêdefytspaad

© Omrop Fryslân
Tusken Berltsum en Sint_Anne komt mooglik in nij toeristysk fytspaad by de noardelike Alvestêderûte del. Op it stuit wurdt de rûte tusken Berltsum en Barltehiem befarber makke foar lytse boaten.
Dêrfoar moatte ûnder oare brêgen ferhege wurde en twa slûzen oanlein wurde. Under de brêge yn de grutte dyk nei Sint_Anne is alfêst in foarsjenning makke foar fytsers. Dielen fan ´e rûte moatte noch ferbrede wurde.