Boeren wolle mear reinwetter

Boeren moatte al har kuil oansprekke
As it droege waar noch lang oanhâldt driget der in tekoart oan saneamd droechfoer. Dat ferwachtet Siebren Reitsma fan Piaam, hy is fan de fakgroep melkfeehâlderij fan de LTO.
Op dit stuit moatte guon boeren yn Fryslân al har winterfoarried kuil oansprekke omdat der gjin gers mear fan it lân komt. It probleem spilet benammen lâns de Waadkust en op de swiere klaaigrûn. It reinwetter fan de lêste dagen helpt oant no ta te min. De opbringst fan 'e mais is ek minder.