Brêgen Bilt ferhege nei 2m50

Oan de Koudewei by Berltsum binne alle ferhege brêgen yn de Alvestêderûte troch it Bilt moandei offisjeel yn gebrûk nommen. Dat barde yn bywêzen fan wethâlder Hans_Kaper fan It_Bilt en de foarsitter fan de stjoergroep Noardelike Alvestêderûte.
It ferheegjen fan ´e fiif brêgen op It_Bilt is in earste konkrete stap foar it befarber meitsjen fan ´e noardlike Alvestêderûte. Alle gemeentlike brêgen binne no op in hichte fan 2 meter 50 brocht.