Katte-opfang Claus moat ticht

07 jul 2008 - 11:50

Frou Claus fan Sint_Anne moat ek fan de rjochter ophâlde mei har swalkkatteopfang. Fan ´e gemeente it Bilt moat se foar 1 novimber in oar plakje sykje foar 50 fan har 60 katten. Claus hat dat beslút oanfjochte by de rjochter, mar dy is it mei de gemeente iens: se mei net mear as 10 katten hâlde.

De buorlju ha lêst fan stank. Frou Claus wennet mei har katten yn in twa-ûnder-ien-kap hûs. Alle keamers en de tún wurde brûkt foar de katte-opfang.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)