Minder ferlet bedriuweterrein

07 jul 2008 - 10:15

Fryske gemeenten moatte net tefolle plannen meitsje foar nije bedriuweterreinen. De kommende jierren is minder yndustryterrein nedich as tocht wie. Dat stiet yn in ûndersyksrapport fan de provinsje. De kommende 12 jier is 300 bunder yndustryterrein nedich, mar as alle plannen fan gemeenten trochgean, leit der aanst twa kear safolle klear.

Yn Ljouwert is noch wol ferlet fan nije bedriuweterreinen. Yn it súdeasten is al genôch yndustryterrein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)