Anne-Fleur 3de by Kunstbende

Anne-Fleur op de Kunstbende-finale
Anne-Fleur Kan (17) fan Warkum is sneon tredde wurden yn de lanlike finale fan de Kunstbende yn de kategory muzyk. De sjuery wie goed te sprekken oer har orizjinaliteit.
Anne-Fleur hat ûnder mear in masterclass wûn op de skoalle fan de Hoge Kunsten yn Arnhem. De kâns is grut dat se ek meidocht oan de Best off Kunstbende-tour. Anne-Fleur hat One Trick Pony as artystenamme en is ek al in skoftke warber op YouTube mei eigen opnamen fan har ferskes.