Weening 170e yn twadde etappe

06 jul 2008 - 18:01

Pieter Weening waard snein 170ste by de twadde Touretappe fan Auray nei St.Brieuc. De etappe oer 164 km troch Bretagne waard in massasprint, dy't wûn waard troch de Noar Thor Hushovd.

Weening kaam op mear as 4 minuten fan Hushovd oer de streek as 170ste en lêste Nederlanner. By de earste etappe wie Weening noch ien fan de earste Nederlanners mei in 63ste plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)