Kramer wint triatlon Didam

Mariska Kramer op 'e fyts
Mariska Kramer fan Drachten hat sneon yn Didam de triatlon wûn. Sy kaam nei 1500 meter swimmen, 40 kilometer fytsen en 10 kilometer hurddraven as earste oer de streek. Twadde waard Esther Tanck, Esther Buurman waard tredde.
Foar Kramer wie de wedstriid in test om it fytsen te ferbetterjen. Dat slagge, want it fytsen giet Kramer nei blessuereproblemen hieltiten better ôf.