Dwerse man oppakt yn Sint Nyk

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn Sint_Nyk sneontejûn in man (28) út de gemeente Skarsterlân oanhâlden, omdat er ferskate minsken lestich fallen hie. De man wie ûnder ynfloed fan drank en drugs. De plysje hie grutte muoite om de man yn de boeien te slaan.
Neidat er de plysje oankommen seach, gie er op de flecht. Dêrby besocht er in foarbygonger fan ´e fyts te traapjen. Neidat er de bosk ynrûn wie, kaam de plysje him dochs wer op it spoar.