Lieuwe Westra wint meardaagse

06 jul 2008 - 11:40

Lieuwe Westra fan Mûnein is de winner fan de 26ste Wielermeerdaagse Noordenveld-Westerkwartier. Westra waard tredde yn it ôfslutende kritearium yn De Wylp. Sierd Steigenga fan Eksmoarre, dy't fiif dagen yn 'e giele trui ried, waard mar 17de. Hjirtroch wie it ferskil yn punten grut genôch foar Westra om te winnen.

Westra sette mei Jos Harms en Berry Nagelhout it peleton op in rûntsje. Westra wûn njonken de giele ek de reade trui fan it sprintklassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)