Wâldrock 2009 noch ûnwis

De 21ste edysje fan Wâldrock yn Burgum waard sneon troch mear as 8000 minsken besocht. Dermei luts it metalfestival krekt genôch besikers om finansjeel út te kinnen. De organisaasje nimt derom noch gjin beslút oft er takom jier wer in festival komt.
Bands as Queensryche, Lordi en haadact Slayer hawwe it publyk sneontejûn goed fermakke. It festival wurdt tradisjoneel hâlden yn in greide oan de Simmerwei yn Burgum.