Nije jachthaven foar Eastersee

© Omrop Fryslân
Eastersee oan de Tsjûkemar hat der in nije jachthaven by. De kosten wurde rûsd op 190.000 euro dy betelle binne fan subsydzjes en jild fan partikulieren.
De haven waard sneon mei grut fertoan fan piraten en kanonnen iepene. Ta eare fan dit barren fiert it doarp it hiele wykein feest ûnder it motto fan 'Eastersee op de kaart'. Yn de haven is plak foar 85 skippen.