Oanhâlding yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 30-jierrige man út Drachten is freedtenacht op de Noordkade yn syn wenplak oanhâlden fanwege mishanneling.
De man wie belutsen by in fjochtpartij. In meiwurker fan in kafee besocht de fjochtsjende partijen út elkoar te heljen, mar krige in klap yn syn gesicht fan de Drachtster. De meiwurker bruts in stik fan in tosk. De fertochte is troch de plysje meinaam. Der binne ek drugs by him fûn, dy binne yn beslach nommen.