Mishanneling op De Jouwer

05 jul 2008 - 12:56

In frou fan De Jouwer is freedtejûn yn har wenplak mishannele troch in noch ûnbekende man. De frou ried oer de Merk en moast útwike foar de man, dy't mei syn auto achterút ried. De man stuts syn middelfinger op en ried achter har oan.

Doe't de frou by it postkantoar stilstie, pakte hy har troch it sydrútsje by de kiel en it gesicht. Dêrnei gie er fuort. Minsken dy't wat sjoen ha, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)