"Provinsje fytspaad betelje"

05 jul 2008 - 09:49
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje moat de oanlis fan it fytspaad tusken Grou en Warten yn't foar betelje. Dat wol de FNP yn Provinsjale Steaten. Boarnsterhim wol dat fytspaad graach, mar hat der sels net de sinten foar. De gemeente stiet op't stuit sels ûnder finansjeel tafersjoch fan de provinsje.

Omdat der yn Boarnsterhim in grut draachflak foar de komst fan it fytspaad is, soe de provinsje de helpende hân biede moatte, fynt de FNP.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)