KPN: tillefoansellen fuort

de tillefoansel ferdwynt foar grut part
De tillefoansel ferdwynt foar in grut part út it strjitbyld. KPN wol de measte fan de 4000 oerbleaune sellen fuorthelje. It regear stimt dêr mei yn. Hast de helte fan de sellen kin finansjeel net út. Oant no ta wie it ferplichte ien tillefoansel te hawwen op 5000 ynwenners. Tsjintwurdich hat hast elkenien in mobile tillefoan.
De tillefoansel waard faak fernield. It koste KPN in soad jild om de sellen alle kearen wer te meitsjen.