Freonskippers foar B´him

04 jul 2008 - 09:46
Foto: Omrop Fryslân

Ynwenners fan Boarnsterhim dy´t thús help nedich ha, moatte earder holpen wurde. Dat fynt Mienskipssoarch. Dat is it gearwurkingsferbân fan soarchynstellingen. Der komme saneamde Freonskippers. Dy minsken kinne helpe by lytse taken yn ´e hûs of de tûn of mei de hûn fuort.

It giet om taken dy´t net troch de profesjonele soarch of frijwilligers dien wurde kinne. De earste twa Freonskippers begjinne nei de fakânsje yn Akkrum en Grou.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)