Olympiërs as team nei Peking

03 jul 2008 - 17:47

Alle sporters dy´t nei de Olympyske Spullen gean binne tongersdeitemiddei offisjeel ien Nederlânsk team wurden. Dat barde yn it topsportsintrum yn Almere. Oer 36 dagen begjint de Olympiade yn Peking.

Lykas it no stiet, meitsje acht Friezen diel út fan it Nederlânsk team, wêrûnder Foppe_de_Haan, bûnscoach fan Jong Oranje en turntalint Epke_Zonderland. Sy sille der alles oan dwaan om in gouden medalje yn ´e wacht te slepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)