Moandei kondoléânse Arlman

© Omrop Fryslân
Takom wike moandei tusken 13.00 en 14.30 kinne belangstellenden yn sealesintrum Trebol yn Harns it kondoléânseregister tekenje yn ferbân mei it ferstjerren fan âld-boargemaster Chris Arlman fan Harns.
Arlman wie woansdei te gast by in keatswedstriid yn Harns en krige dêr in hertoanfal. Hy is yn it sikehûs ferstoarn. Arlman wurdt yn besletten rûnte begroeven. Arlman wie acht jier lang boargemaster fan de Harns en is 64 jier wurden.