Hepie sûnder Hepie

By it alderlêste optreden fan Hepie en Hepie stiet tongersdeitejûn allinne de blonde Hepie Postma op it poadium. Se moat sûnder de donkere Hepie Hiemstra sjonge. Dy lit witte dat se net optrede kin fanwege in auto-ûngelok. Hepie rekke woansdei mei har auto te wetter. Nei oerlis mei it artysteburo is besletten it optreden wol trochgean te litten om sa in skeaclaim foar te kommen.
It optreden fynt plak yn Tinte, in doarpke by Rotterdam.