Theo Pijper nei Mildenhall

Theo yn aksje (foto Martin de Jong)
Speedwaycoureur Theo_Pijper rydt wer by in nije Ingelske club. Dat is Mildenhall_Fen_Tigers, in ploech út de heechste klasse yn Ingelân. Dy ploech stiet op dit stuit lêste yn de Premier League.
Pijper wit noch net oft er dit seizoen ôfmakket by Mildenhall. Hy rydt yn earste ynstânsje trije wedstriden foar syn nije ploech. Dêrnei giet er mei de baas fan Mildenhall om tafel om te praten oer in eventueel langer ferbliuw yn Ingelân.