Problemen by Greunsbrêge

03 jul 2008 - 11:47

De Greunsbrêge yn Ljouwert kin foarearst net iepen foar skippen. Dat komt troch technyske problemen. Sa wurket ûnder oare ien fan de ferkearsljochten net mear.

Hoelang´t de brêge krekt net betsjinne wurde kin is net dúdlik, mar de gemeente giet derfan út dat it probleem hjoed noch oplost wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)