10 tips oer Mercedes De Blesse

It type auto dêr´t it om giet
Der binne tsien tips ynkaam oer de donkere Mercedes dy´t op de dei fan de moard op Ida_Klijnstra sjoen is yn De_Blesse.
Woansdeitejûn waard op SBS6 in oprop dien oan minsken dy´t mear witte oer de Mercedes. De plysje tinkt dat de bestjoerder mooglik belutsen is by de dea fan frou Klijnstra, of der oars wichtige ynformaasje oer hat. Oft alle tips brûkber binne, wurdt noch útsocht troch it resjerzjeteam dat him dwaande hâldt mei de saak.