Appelskea: 2 auto´s tsjin beam

03 jul 2008 - 10:01

In man fan 60 jier út Vledder is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Appelskea. De autobestjoerder krige gjin foarrang fan in 31-jierrige automobilist út Drachten. In oanriding wie it gefolch.

Beide bestjoerders ferlearen dêrtroch de macht oer it stjoer en botsten tsjin in beam op. De man út Vledder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De oare bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)