Chris Arlman (64) ferstoarn

02 jul 2008 - 21:54

Ald-boargemaster Chris_Arlman fan Harns is woansdei ferstoarn. By de keatswedstriid Ouwe_Seunen yn Harns krige er in hertoanfal. Mei in ambulânse is Arlman nei it sikehûs brocht. Dêr is er ferstoarn.

Arlman hat acht jier lang boargemaster west fan de havenstêd. Hy sette him bot yn foar de haven fan Harns. Ferline jier wie Arlman noch in heal jier boargemaster fan Bellingwedde. Arlman is 64 jier wurden. De keatspartij is ôflast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)