Lânskip Opsterlân opknapt

02 jul 2008 - 19:45

Der wurdt 1,7 miljoen euro stutsen yn it opknappen fan it lânskip yn de gemeente Opsterlân. Dat jild komt foar it grutste part fan de gemeente en út it potsje plattelânsprojekten fan de provinsje. Mei it jild wurde ûnder oare beamwallen, dobbes en beammen ûnderhâlden en yn âlde gloarje hersteld. It lânskip fan de gemeente Opsterlân moat der wer sa út komme te sjen as yn beppe har tiid.

Partikulieren koene har eigen projekt oandrage. Trijehûndert minsken hawwe dat dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)