Ramses hat brutsen hoektosk

02 jul 2008 - 19:00

Tiger Ramses dy't yn rôfbisteopfang Pantera yn Nijeberkeap wennet hat in hoektosk brútsen. Dat gebeurde doe't er mei syn broer Kashmir oan it fjochtsjen wie.

Iten docht him no sear en dus moast de toskedokter der nei sjen. In panterdokter út Utrecht hat woansdeitejûn tegeare mei toskedokter Duizendstra út Bakkefean de tosk behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)