FNV: oername Mohrman is ok

© Omrop Fryslân
It fakbûn FNV sil him net fersette tsjin de oername fan Mohrmann yn Ljouwert. Gevelprodusint Rollecate út Staphorst wol it bedriuw ynliivje. De direksjes fan beide bedriuwen ha tasein dat der by de oername gjin banen ferlern geane en dat der ynfesteard wurde sil yn it fabryk yn Ljouwert.
Earder naam Rollecate ek al Rodeco út Holwert oer. De ûndernimmingsried fan Mohrmann moat noch gear oer it oername plan. Takom wike jouwe sy har advys.