Akkoart fjilden SC Frjentsjer

02 jul 2008 - 17:38

Fuotbalclub SC Franeker en de gemeente Frjentsjerteradiel ha in akkoart berikt oer de oanlis fan twa keunstgersfjilden oan de Hertog van Saxenleane. It bedriuw CSC koe net op tiid mei de oanlis fan de fjilden beginne, want de rjochter fûn op oanjaan fan konkurrint Arcadis in proseduereflater yn de oanbesteging.

Dêrtroch kaam de fuotbalclub yn grutte problemen. De oplossing is no dat beide bedriuwen de fjilden tegearre oanlizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)