AZC-skoalle Appelskea ticht

© Omrop Fryslân
De skoalle foar asylsikers yn Appelskea giet nei de simmer ticht. It is de iennichste Azc-skoalle yn Fryslân dêr't asylsikers mei in status les oer de Nederlânske taal en kultuer krije. Se moatte faak moannen wachtsjes ear't se in hûs hawwe én foardat se op ynboargeringskursus kinne by gemeenten.
Oant dy tiid jouwe trainers fan IVIO integratie dizze minsken les. Mar de oerheid wol hjir gjin jild mear foar jaan.