Opera Spangea bliuwt dochs

02 jul 2008 - 15:09

Opera Spangea bliuwt foar Fryslân behâlden. Artistyk lieder Corina van Eijk hat tiisdeitejûn in posityf subsydzjeadvys ûntfongen út Den Haach foar de kommenende fjouwer jier. It giet om in bedrach fan 150.000 euro.

Eardere berjochten dat Van Eijk Fryslân ferlitte soe foar in artistike karriêre yn Utert binne no definityf fan 'e baan. Spangea bliuwt dêrmei ek de kommende jierrren it Verona fan Weststellingwerf. Fan't simmer wurdt yn Spangea Donna Giovanna opfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)