Smokers bliid mei moai waar

02 jul 2008 - 13:52

De ferstokte smoker hie tiisdei gelok op de earste dei fan it smookferbod. Omdat it tige moai waar wie, siet elkenien bûten te paffen. Net ien stuts syn sigret yn kroech of restaurant op. Ek de spesjale smookplakken binnendoar bleaune leech.

Mar dat feroaret as letter yn it jier de temperatuer nei nul of dêrunder sakket. De ferwachting is dat dit jier folle mear minsken as oars ophâlde sille mei smoken. Yn hiel Nederlân sa'n heal miljoen minsken mear as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)