Karavan om op A32
Op de A32 tusken it Hearrenfean en Wolvegea is woansdeitemoarn in karavan omslein. Wat dêr krekt de oarsaak fan west hat, is noch net bekend. Wol is dúdlik dat der gjin minsken by ferwûne rekke binne.
It ferkear kin troch it ûngelok op dit stuit mar oer ien baan en moat dêrom rekken hâlde mei fertraging op de A32 tusken it Hearrenfean en Wolvegea.