Zuiverloon ferlit Hearrenfean

02 jul 2008 - 10:01

Hearrenfean-fuotballer Gianni Zuiverloon spilet de kommende trije seizoenen foar de Ingelske Premier League club West Bromwich Albion. Zuiverloon tekenet woansdei in kontrakt by de club, dat ek de mooglikheid jout foar noch in fjirde seizoen.

De 21-jierrige Gianni Zuiverloon spile de ôfrûne twa seizoenen foar Hearrenfean. Dêrfoar siet er by RKC en Feyenoord. Zuiverloon sit ek yn de foarriedige Olympyske seleksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)