Struiwein sjit los by Broek

02 jul 2008 - 09:55

Twa fytsers út de Jouwer binne tiisdei ferwûne rekke, doe't se by Broek oanriden waarden troch in karre. Dy siet achter in trekker, mar skeat los en fleach it fytspaad oer. Dêr waarden in 72-jierrige man en in 68-jierrige frou rekke, de fytsers fûlen dêrby.

Se binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok gebeure koe. De sjauffeur fan de trekker wie dwaande mei it struien fan sân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)