Ljouwert moat monuminten toane

02 jul 2008 - 09:46

Ljouwert hat te beskieden west om har monumintale gebouwen te toanen oan de bûtenwacht. Dat seit kultuerwethâlder Yvonne Bleize. Ljouwert stiet op it 11e plak op de list fan Nederlânske stêden mei de measte ryksmonuminten.

Mar dat strielt de stêd net út. Sels Ljouwerters hawwe meastentiids gjin idee fan de kulturele rykdom fan 'e stêd. Dêr moat dus feroaring yn komme, seit wethâlder Bleize. Sy fynt dat de Ljouwerters grutsker wêze moatte op harren monuminten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)