Fjirtich jier FK Mêstklimmen

FK Mêstklimmen yn Akkrum
It Frysk Kampioenskip Mêstklimmen yn Akkrum fiert sneon syn fjirtichjierrich bestean. Dat wurdt dien mei in reuny foar âld-winners en frijwilligers fan de wedstryd. Dy wurde moarns traktearre op in brochje op de Bleek yn Akkrum.
Jûns wurdt de fjirtichste edysje fan it kampioenskip hâlden. Dêr wurkje ek de bruorren Anker, de pleatslike harmony en bewenners fan it Kameleondoarp oan mei.