Karre mei pakken strie ferlern

02 jul 2008 - 08:07

In boer út Kuinre is tiisdei in karre mei pakken strie fan sa'n 400 kilo ferlern. De karre siet achter de trekker fan de boer. Doe't dy ôfremme foar in ferkearsheuvel by Haskerdiken knapte de dissel fan de karre.

De karre skeat dêrnei in fytspaad oer en fleach de sleat yn, flak neist it doarpshûs. Santjin pakken strie bedarren yn it wetter. Der rekke nimmen ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)