Hemrik Ljouwert wurdt opknapt

Yn bedriuweterrein De Hemrik yn Ljouwert wurdt 150.000 euro stutsen om fertutearzing foar te kommen. Trije jier lang stelt de gemeente 50.000 euro beskikber. Ek wurdt der in plan betocht om it yndustryterrein goed te behearen, it saneamde parkmanagement. De bedriuwen op De Hemrik binne it iens mei de opknapbeurt en betelje ek mei. Der leit noch te folle grûn braak, der binne diken net ôfmakke en der moat foar mear grien soarge wurde.