Lof en mear jild foar Oerol

01 jul 2008 - 20:17

Oerol krijt mear jild fan it Nederlands Fonds voor de Podiumkunsten, mar fynt de ferheging eins net foldwaande. It Fonds brocht dizze wike foar it earst advys út oer de organisaasjes foar poadiumkeunst.

It nije Fonds neamt Oerol enerverend en in foarbyld fan kulturiel ûndernimmerskip. De subsydzje giet mei 50.000 omheech nei 450.000 en dat is net mear as de ynflaazjekorreksje, fynt direkteur Joop Mulder fan Oerol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)