Greunsbrêge iepen foar skippen

01 jul 2008 - 16:27

De Greunsbrêge yn Ljouwert is tiisdei om trije oere wer iepensteld foar de skipfeart. It ûnderhâldswurk oan ´e brêge is klear. Dat betsjut dat de jachthaven en Koopmans moalfabryk wer mei de boat te berikken binne.

Earder tiisdei die de havenmaster fan in jachthaven yn ´e buert noch syn beklach oer dat der yn fakânsjetiid oan de brêge wurke wurdt. Hy prakkesearre_deroer de gemeente Ljouwert in rekken te stjoeren, omdat er ynkomsten misrint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)