Provinsje wol ´brûsplakken´

Jannewietske de Vries
De provinsje wol de kommende jierren jild frij meitsje foar ´brûsplakken´ dêr´t jonge keunstners en artysten in kâns krije kinne. It idee foar de brûsplakken stiet yn de nije kultuerfyzje foar de kommende 4 jier fan deputearre Jannewietske_de_Vries.
It fenomeen brûsplak waard earder ek al op Oerol presintearre. In brûsplak is in kreatyf wurkteater dêr´t kulturele produksjes ûntwikkele wurde kinne. De Steaten sille yn septimber te_set oer de nije kultuerfyzje.