Feanhoopfestival giet troch

01 jul 2008 - 14:46
Feanhoopfestival bliuwt op itselde plak

It 57e Feanhoopfestival mei trochgean fan 'e rjochter yn Ljouwert. Eigner De Groot fan 'e camping dêrnjonken hie in rjochtsaak oanspand tsjin de gemeente Smellingerlân. Dy hie in fergunning ôfjûn oan in bedriuw yn Twizel om it festival te organisearjen.

Mar De Groot hie mei de Stichting Veenhoopfestival fêstlein dat der net wer in festival komme soe by syn camping. Neffens de rjochter binne de beswieren fan De Groot ûnterjochte. De organisator is bliid mei de útspraak.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)