Wetterskip: net ynternetstimme

© Omrop Fryslân
Wetterskip_Fryslân fynt it spitich dat mei de kommende wetterskipsferkiezings net op ynternet stimd wurde mei. Steatssiktaris Huizinga fynt dat net betrouber genôch. Neffens in ûndersykssintitút yn Eindhoven soe de metoade op grutte skaal te manipulearjen wêze.
Yn novimber binne de ferkiezings foar it wetterskipsbestjoer. Dy ferkiezings gean no wer, lykas de foarige kear, mei papieren stimformulieren. Ferline kear wie de opkomst 30 persint.